Bernlef moat Kluitman betelje

De haadrolspilers fan 'e Fryske Kameleonfilm
Fryske studinteferiening Bernlef út Grins moat utjouwerij Kluitman yn Alkmaar in flinke skeafergoeding betelje foar it útbringen fan de film 'De Kameleon sjocht yn it waar'. Dat hat de rjochtbank útsprutsen. Bernlef makke de film yn 2002 as ludyk protest tsjin de Nederlânsktalige Kameleonfilm fan Steven de Jong.
Bernlef sil in aksje op tou sette om it nedige jild byinoar te fandeljen. De kosten berinne sa'n 11.300 euro.