Earste dei Cazemier by Omrop

Cazemier mei syn omropkeatling
Mei in spesjaal moarnsbrochje is Roel Cazemier tiisdei wolkom hjitten as direkteur fan Omrop Fryslân. Cazemier (48) naam ferline wike ôfskie as boargemaster fan Dongeradiel.
Cazemier krige fan haadredakteur Hans Snijder in tagongspaske. Fan kultuerredakteur Annet Huisman krige er in alternatyf amtskeatling. Cazemier frege de kollega's om 'geduld' mei him te hawwen omdat er noch in soad oer media leare moat.