NLP easket fertrek wethâlders
De NLP, de Nieuwe Leeuwarder Partij, fynt dat de ferantwurdlike wethâlders foar it projekt Nieuw Zaailand opstappe moatte. It giet dan om de wethâlders Gerrit Krol (CDA) en Marga Waanders (PvdA).
No't it projekt 8,5 miljoen euro djoerder útfalt fynt de NLP dat de wethâlders net langer sitten bliuwe kinne. De partij fynt it ûnakseptabel dat der safolle jild by moat.