Stik Tryater yn it Liwwadders

© Omrop Fryslân
Tryater komt foar it earst mei in late night-foarstelling. It giet om Discopigs, in Iersk toanielstik dat yn it Liwwadders oersetten is. It jongerenstik wurdt yn gearwurking mei studinten fan de Akademy foar Popkultuer op de planken set.
It stik wurdt in oantal kearen opfierd yn de grutte seal fan Tryater tusken 9 en 20 april, jûns om tsien oere. It is noch net bekend oft it stik ek yn de rest fan de provinsje opfierd wurdt.