Epke net nei EK

Epke: net nei it EK (foto Martin de Jong)
Turner Epke Zonderland (21) docht begjin maaie net mei oan it EK turnjen yn Lausanne. Hy soe op it EK allinne oan de rekstôk turnje. It turnbûn hat Zonderland no út de seleksje helle omdat hy it teamresultaat negatyf beynfloedzje kinne soe.
Epke Zonderland hat sûnt novimber lêst fan in skouderblessuere, mar hy is hast wer better. Zonderland moat foar de Olympyske Spelen yn Peking noch in kear foarmbehâld sjen litte.