Ofskie Bosma fan Lemsterlân

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Lemsterlân ha moandei ôfskied naam fan Jo Bosma. Hy wie 15,5 jier boargemaster fan 'e gemeente. Ien fan 'e wichtichste saken yn dy perioade wie de striid om it asylsikerssintrum. De Lemsters wiene der net wiis mei, mar der kaam dochs in oplossing. Sa waard it sintrum folle lytser as earst it doel wie.
Bosma sei in pear jier lyn op as lid fan D66. Hy wie it net iens mei de rol fan dy partij yn it foarige regear.