Artemis leit yn Harnzer dok

31 mrt 2008 - 12:23

By Shipdock Harlingen wurdt op dit stuit hurd wurke oan de reparaasje fan it Snitser frachtskip de Artemis. Dat skip rûn trije wiken lyn fêst op it strân fan Les Sables d'Olonne yn Frankryk. It skip lei oardel wike op it strân omdat it mar net slagge om it flot te lûken.

Neffens in wurdfierder fan Shipdock is it skip frijwat skânsearre rekke by it aventoer. It meitsjen fan de skânsearre platen duorret in wyk as 7.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)