Beswier tsjin lûdswâl Menaam

30 mrt 2008 - 13:16

De rjochter bûgt him no freed oer in beswier dat yntsjinne is tsjin de oanlis fan in lûdswâl by Menaam. Dy moat komme oan de súdkant fan rekreaasjekompleks Schatzenburg, parallel oan de Ryksstrjitwei.

De gemeente Menameradiel joech al in fergunning ôf, mar ien fan de boeren dy't yn de buert wennet is dêr net gelokkich mei. Neffens him past de wâl net yn it iepen lânskip en hy is benaud dat syn grûn fersmoarge rekket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)