Frou yn sleat njonken A7
In ûngelok op de A7 by Terwispel hat sneon foar ferkearsoerlêst soarge. Healwei de middei rekke in frou mei har auto fan de dyk en bedarre yn de sleat.
De brânwacht helle har derút, de frou is nei it sikehûs brocht. Op de A7 stie der in skoftke trije kilometer file op de A7. Hoe't it mei de frou is, is op it stuit net dúdlik.