Mid-Fryslân gjin kampioen

29 mrt 2008 - 22:33

De kuorballers fan Mid-Fryslân kinne snein yn de lêste wedstriid fan de kompetysje tsjin Rodenburg net mear kampioen wurde. Konkurrint AKC fan Almelo wûn sneontejûn de thúswedstriid tsjin Drachten mei 26-19.

Troch dy oerwinning is AKC de kampioen fan de haadklasse A. De ploech mei no spylje foar in plak yn de kuorballeague. Mid-Fryslân, de ploech út Reduzum en Grou, bliuwt stykjen op it twadde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)