Flotte berging sonken skip

29 mrt 2008 - 15:30

De bergingsaksje fan it sonken binnenfeartskip op de Iselmar ferrint flot. Twa sleepboaten hawwe it skip al foar trijekwart leechpompt. De Princess út Krimpen aan de IJssel sonk sneontemoarn tsjin fiven healwei De Lemmer en Urk.

It skip wie swier beladen mei grint en makke wetter troch it minne waar. Nei alle gedachten is de berging oan de ein fan de middei dien en kin it skip dan nei De Lemmer sleept wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)