Oerfal op winkel Drachten

29 mrt 2008 - 14:18

In oerfal op in winkel oan de Súdkade yn Drachten is freedtemoarn mislearre. In man woe sigaretten keapje, mar luts fuort in fjoerwapen. De bedrige meiwurkster dûkte achter de kassa en rôp om help.

De oerfaller hat de winkel sûnder bút ferlitten. De plysje siket tsjûgen dy't de oerfaller sjoen ha - it gie om in blanke man fan 1 meter 85, hy hie in mûts of pet en in donkere bril op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)