Frou út auto rêden by Wommels

In 26-jierrige frou út Warkum is freedtejûn troch har freon rêden, neidat se mei de auto op de kop yn de feart rekke wie. Se ried op de Wommelserwei tusken Tsjom en Wommels, doe't se de macht oer it stjoer ferlear.
Har 30-jierrige freon ried yn de auto achter har oan en koe har út de auto helpe. Se is troch omwenners opfongen, mar letter nei it sikehûs brocht.