Grintskip sonken by Lemmer

29 mrt 2008 - 09:57

Tusken Lemmer en Urk is in binnenfeartskip sonken. It 80 meter lange skip Princess is laden mei grint en rekke yn de nacht fan freed op sneon yn swierrichheden. It laadrom rûn troch min waar fol wetter.

De KNRM is dwaande it achterskip leech te pompen, sadat net it hiele skip sinkt. Farferkear nei De Lemmer hat genôch romte om om it skip hinne te farren. It skip leit 1,5 kilometer út de wâl ta hichte fan Creil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)