Fisknet en fisken ynnommen

© Omrop Fryslân
It Fiskstreuperijteam Fryslân hat freed op 'e Tsjûkemar trijehûndert meter fisknet en 60 fisken yn beslach nommen.
Streupers hiene de netten pleatst op in saneamd paai-plak. Dêr komme folwoeksen en dus gruttere en swierdere fisken sa as snoekbearzen by elkoar om har fuort te plantsjen. Wa't de netten útset hat, is net bekend. De fisken binne ferkocht op de ôfslach.