Schokker: wachtlist moat fuort

28 mrt 2008 - 14:48

De wachtlisten foar de jeugdsoarch yn Fryslân moatte ferdwine. Dat fynt deputearre Schokker. No wachtsje goed 200 bern op soarch, 60 prosint fan harren wurdt binnen 9 wike holpen.

De wachtlisten binne aardich stabyl, mar foar deputearre Schokker is dat net genôch. Sy wol dat de wachtlisten úteinlik folslein fuortwurke wurde. Schokker is dêroer yn oerlis mei it Ryk, de Friesland Zorgverzekeraar en ferskate soarchynstânsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)