Ferslaafden net nei De Swette

© Omrop Fryslân
Verslavingszorg Noord Nederland, VNN, komt net nei de Snitser wyk de Swette. Dat hawwe ûngerêste buertbewenners fan wethâlder Ekhart te hearren krigen.
VNN hie it each falle litten op in frijsteand kantoar tusken in basisskoalle en in deiferbliuw, mar de kosten fan de ferbouwing wurde te heech. Benammen de metadonpost soarge foar in soad opskuor yn de buert. Wêr’t de ferslaafdensoarch no hinne sil, is noch net dúdlik.