Schuil kin heale finale helje

Richard Schuil
Beachvolleyballer Richard Schuil fan Ljouwert kin tegearre mei Reinder Nummerdor noch de heale finale helje fan de Wrâld Cup yn Austraalje. Schuil en Nummerdor wûnen earst noch fan de Nederlanners Ronnes en Boersma, mar dêrnei waard ferlern fan de as fjirde pleatste Brazyljanen Marques en Solberg.
As Schuil en Nummerdor sneon winne yn de ferliezersronde, dan geane se dochs noch nei de heale finale.