Fryske foarlêskampioenskippen
Bern út de groepen 5 o/m 8 fan de basisskoallen yn Fryslân kinne tusken 1 april en 20 maaie wer meidwaan oan de Fryske foarlêskampioenskippen. De wedstriden wurde holden op skoalle. De kar foar in ferhaal is hielendal frij. De winners wurde útnoege foar de finale 11 juny yn Tresoar yn Ljouwert.
It Frysk foarlêskampioenskip is in aktiviteit fan it Fertel- & Foarlêsfestival dat tusken 1 en 15 juny holden wurdt.