Webdokter grut sukses

De website is úttocht en ûntwikkele troch húsarts Maarten Goedhart .
It eksperimint 'Webdokter' fan Huisartsen Zorgcentrum Ljouwert is in grut sukses. Mear as 700 pasjinten fan it soarchsintrum stelle har fragen op dit stuit al fia de website oan de húsarts. En it projekt rint noch mar in heal jier.
Der is in soad mooglik, mar foaral it krijen fan werhellingsresepten, it hâlden fan e-mailkonsulten en it ynsjen fan it eigen medysk dossier binne populêr.