Gemeentehûs Bûtenpost ferboud

28 mrt 2008 - 09:54

It gemeentehûs fan Achtkarspelen sil nei alle gedachten foar goed 2,7 miljoen euro ferboud wurde. In mearderheid fan de ried hat tongersdei keazen foar in fariant mei in oanbou oan de foarkant fan it gemeente- kantoar. Yn it nije diel moat ûnder oaren de nije riedsseal komme. Dy moat in multyfunksjoneel karakter krije.

De hjoeddeistige riedsseal sil tsjinst dwaan as kantine foar de amtners en as fergaderromte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)