'Gjin ynsidinten nei Fitna'

27 mrt 2008 - 23:20

Der hawwe yn Fryslân gjin ynsidinten west nei oanlieding fan de anty-koran film Fitna fan Geert Wilders. Tongersdeitejûn om 7 oere draaide de langferwachte film Fitna lang om let op ynternet. Boargemaster fan Ljouwert en korpsbehearder Ferd Crone beseach de film en wie bliid dat de film minder skokkend wie as fan te foaren tocht waard.

Crone ferwachtet fierder ek gjin ynsidinten nei oanlieding fan 'e film.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)