Superbus Ockels makket testrit

27 mrt 2008 - 15:33
  • Wubbo Ockels makket yn juny testrit mei de superbus

Op in geheim momint makket de superbus fan Wubbo Ockels in testrit mei 250 kilometer yn de oere oer de dyk Harns en Ljouwert. De datum wurdt net bekend makke, om't Ockels der gjin publyk en parse by ha wol. Sa kinne de superbus better test wurde. De superbus is in hypermoderne bus mei plak foar 25 minsken mei eigen doar en ynternet.

Op 25 juny sil de superbus ek ride tusken Harns en Ljouwert, mar dan net mei 250 kilometer yn de oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)