Omropside populêrste webside

27 mrt 2008 - 13:25

De webside fan Omrop Fryslân is de populêrste webside ûnder Friezen. Fan de 500 ûnderfregen neamde 22,8 prosint de side fan de Omrop. Twad is Wâldnet (22,6%) en tred de Ljouwerter Krante (19,4%). Ferline jier stie Wâldnet boppe-oan. Respondinten wiene te sprekken oer de nijsgjirrige ynhâld, de aktualiteit en de oersichtlikheid.

It jierlikse ûndersyk is hâlden troch ynternetmonitor fan TRES ynternet fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)