Soad ôfwêzigen by Cambuur

27 mrt 2008 - 13:13
  • Jurrie Koolhof

Cambuur-trainer Jurrie Koolhof mist freedtejûn tsjin Fortuna Sittard in protte spilers. Sa binne Jurrick Juliana en Rachid El Khalifi dizze wike siik thús. Marc Mboua en Kasali Yinka Casal ha op paad west mei Kameroen en Nigeria. De wedstriid tsjin Fortuna komt foar har te betiid.

Fierder is Adnan Barakat skorst en dus wurdt it puzeljen foar Koolhof. Op de lêste training woe hy noch neat kwyt oer de opstelling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)