Nij plein fan Foppe Fûns

Foppe de Haan hat tongersdei in nij skoalplein iepene op de Duisterhoutskoalle op It Hearrenfean. It is betelle mei jild út it Foppe Fûns. Dat fûns hat no al fjouwer kear safolle jild as trije jier lyn doe't de stifting oprjochte is. It budzjet is goed 100.000 euro. It Foppe Fûns hat as doel bern mear oan it bewegen te krijen en har dêrby te helpen.
It skoalplein op It Fean is sa oanpast dat de bern dêr goed boartsje kinne.