Fertochten ynbraken oppakt

27 mrt 2008 - 11:16

De plysje hat twa Ljouwerters (19 en 20) oanhâlden yn ferban mei in grut tal ynbraken yn de stêd. Se wurde fertocht fan 14 ynbraken. Se ha benammen elektroanyske apparatuer en laptops stellen. De huzen fan de fertochten binne trochsocht. De plysje hat it guod fûn dat bút makke is by dizze ynbraken.

De plysje slút net út dat mei dizze oanhâldings noch mear ynbraken oplost wurde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)