Brede skoalle yn Opsterlân

27 mrt 2008 - 11:01

De kâns is grut dat der in brede skoalle komt yn Fryske Peallen. Dêryn is plak foar de beide basisskoallen yn it doarp, it pjutteboartersplak en it doarpshûs.

Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân freegje de ried om foar de bou goed trije miljoen beskikber te stellen. Earder joech de ried al oan dat it in brede skoalle yn Fryske Peallen in goed idee fynt. It giet om de earste brede skoalle yn Opsterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)