Harnzer frou bestellen

27 mrt 2008 - 10:57

In frou (80) út Harns is woansdei thús bestellen fan har juwielen. In ûnbekende frou belle middeis by har oan. Se prate min Nederlânsk en hie neffens it slachtoffer in nuver ferhaal. De fertochte wist de bewenster te oertsjûgjen om binnen te kommen.

Doe't de frou fuort wie, ûntduts it slachtoffer dat it guod, wêrûnder in horloazje en in ring, fuort wie. De plysje siket tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)