Proef mei evenemintekalinder

© Omrop Fryslân
Gemeenten moatte eveneminten tenei 14 wiken yn it foar opjaan by de plysje. Oars bestiet de kâns dat der gjin plysjeminsken beskikber binne om it evenemint yn goeie banen te lieden.
De plysje wol mei help fan de gemeenten in evenemintekalinder opstelle om de ynset better yn de hân te hâlden. Sa kin de plysje rom yn it foar sjen hoefolle plysjeminsken der yn in bepaalde wike nedich binne.