Brân yn wenhûs Harns

de heechwurker waard ynset (foto: Janette)
De brânwacht fan Harns hat nei in lytse twa oeren in brân yn in wente yn Harns blusse kinnen. Der wie brân ûnder it dak by in wenning oan de Rinnertspyp.
De brânwacht hat twa tankautospuiten ynset. Der rekken gjin minsken ferwûne. Nei alle gedachten hat de oarsaak fan de brân te krijen mei in hennepplantaazje yn it wenhûs. De plysje hat de twa eigners en bewenner fan it pensjon oanhâlden.