Underwiisefterstân:ekstra jild

© Omrop Fryslân
It Fryske basisûnderwiis krijt ekstra jild fan it ryk om ûnderwiisêfterstannen yn te rinnen. Dat sei steatssiktaris Sharon Dijksma fan ûnderwiis woansdei yn Ljouwert. Ynkoarten wurde yn hiel Nederlân de gebieten oanwiisd dêr't it ekstra jild hinne giet.
Dêrby wurdt ek sjoen hoe ryk of hoe earm minsken yn in gebiet binne en benammen dat smyt ekstra jild op foar Fryslân.