Plysje skerper op 30 km sônes

26 mrt 2008 - 14:50
  • Mei kontrôles wol de plysje besykje it feiligensgefoel te fergrutsjen.

De plysje sil mear kontrolearje yn 30 kilometer sônes. In soad minsken fiele har ûnfielich yn dy gebieten omdat se tinke dat der te hurd riden wurdt. Yn de praktyk falt dat neffens de plysje wol ta. Mei kontrôles wolle se besykje it feiligensgefoel te fergrutsjen.

Der wurde twa minsken fan buro ferkearshandhavening ynset om op te hurd riden te kontrolearjen. Ek sil der sjoen wurde nei oare ferkearsoertredings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)