Dijksma: mear gymles op PABO's

Sharon Dijksma wie woansdei yn Fryslân foar de Fryske ûnderwiisdei.
Steatssiktaris Dijksma komt mei in oplossing foar it útfallen fan de lessen gymnastyk. Dy lessen falle op in soad skoallen út omdat der te min leararen binne mei it foech gymnastyk.
Probleem is dat de PABO-studinten de lêste jierren net mear oplaad wurde ta gymnastyklearaar. Om letter byspikerje djoer is moat it foech gymnastyk wer gau ûnderdiel wurde fan de PABO. Ek wol Dijksma 2500 sporttreners ynhiere foar lessen gymnastyk op skoalle.