Meiwurkers Atos Origin stake

It haadkantoar fan Atos Origin
De meiwurkers fan Atos Origin yn Grins sille woansdeitemiddei stake. Atos Origin is in ICT bedriuw mei 9000 wurknimmers. Hûnderten fan harren binne detasjeard yn Fryslân, by bedriuwen as de Friesland Bank en it Sintraal Justisjeel Inkassoburo.
De meiwurkers stake omdat se mear lean ha wolle, mar ek omdat de wurkjouwer it leangebou geheim hâldt. Wurknimmers witte dêrom net wêr't se oan ta binne en wêr't se rjocht op hawwe.