Jongeren NOF drinke minder

26 mrt 2008 - 06:39

Jongeren yn Noardeast Fryslân drinke minder en brûke minder drugs en geweld as jongeren yn de grutte stêden. Dat docht bliken út in ûndersyk ûnder de helte fan alle jongeren yn Noardeast Fryslân. Dantumadiel skoart it minst: de jeugd dêr drinkt mear, brûkt mear drugs en geweld en spijbelt faker.

Ut it ûndersyk docht wol bliken dat it alkoholgebrûk noch te heech leit en dat jongeren te jong begjinne mei it drinken fan alkohol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)