Offshore siket wurknimmers

© Omrop Fryslân
Op Skylge wurdt takom moanne in sympoasium hâlden om it wurkjen yn de offshore te promoaten. Maritym ynstitút Willem Barentsz wol op dizze wize oan studinten sjen litte wat it wurk op bygelyks in boareilân ynhâldt.
Studinten kieze faak foar in baan yn de keapfardij, wylst yn de offshore in protte wurk is. Tal fan bedriuwen komme nei de sympoasium om te fertellen oer it wurk dat se dogge.