Snits stiet op postsegel

dit is it feltsje Snits-postsegels
Snits is nei Boalsert en Flylân it tredde Fryske plak mei in eigen postsegel. De stêd is opnommen yn de searje 'Mooi Nederland' fan postbedriuw TNT. Alle jierren makket dy segels fan tsien stêden of doarpen.
Tiisdei waard de segel fan 0,44 eurosint presintearre op it stedhûs fan Snits. Op de segel steane ôfbyldings fan bygelyks de wetterpoarte en in skûtsje.