Gjin ferset tsjin bad fol sân

Yn Tsjummearum is begryp foar it feit dat eigner Ron_van_Booma it swimbad op rekreaasjepark Barradiel mei sân folsmite wol. It kin net út om it swimbad te eksploitearjen en in keaper is der noch net. Van_Booma wol der in boarterstúntsje foar de bern fan meitsje.
Neffens foarsitter Willem_Spoelhof fan Doarpsbelang Tsjummearum-Furdgum is der net safolle tsjinyn te bringen. It bad moat 125.000 euro kostje.