Bilt wol fierder mei kompleks

it gemeentehûs fan It Bilt
As der gjin beswieren mear komme, kin de bou fan in wen-soarch-kompleks yn Sint_Anne gau wer fierder. Dat tinkt de gemeente It_Bilt.
De Raad_van_State lei de bou fan it kompleks yn de simmer fan ferline jier stil, doe't it al foar de helte klear wie. Undernimmers protestearden tsjin de bou, omdat it sintrum ten koste giet fan de parkearromte yn de buert fan winkels. De gemeente hat de plannen no better ûnderboud.