Dúdlikens oer plan-Nij Saailân

25 mrt 2008 - 12:05

It kolleezje fan Ljouwert jout woansdei mear dúdlikens oer de problemen mei it nije Saailân. Earder waard bekend dat de ferbouwing fan de parkeargaraazje sawat 10 miljoen euro heger útfalt. Woansdei wurdt ek bekend oft it filmhûs yn it nije Fries_Museum ûnderbrocht wurdt.

Yn april krijt de Ljouwerter gemeenteried it nije bestek foar de plannen ûnder eagen. Dan moat besluten wurde oft de plannen trochgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)