Ferkearsoerlêst troch snie

ride achter in strui-auto
Troch it winterwaar wiene der tiisdeitemoarn ferskate ûngelokken mei files as gefolch. In frachtauto ferlear op de A7 by Boalsert betonblokken. De frachtauto slipte troch de glêdens. Ien rydbaan is ôfsletten foar it ferkear. By Terwispel rekke in auto fan de dyk. Ek dêr moast it ferkear in skoft oer ien rydbaan. It gefolch wie in file fan 5 kilometer. Ek op de A32 tusken Reduzum en Wurdum stie in file.