Sân yn swimbad Tsjummearum

25 mrt 2008 - 06:48

It swimbad fan Tsjummearum wurdt oan de ein fan dit jier fol sân goaid as der net ien komt dy't it bad keapje wol. It bad wurdt dan in boarterstúntsje foar de bern. Eigner Van_Booma hat dat dizze wike besletten. Sawol it swimbad yn Tsjummearum as it swimbad yn Menaam stean te keap foar 125.000 euro.

Foar it swimbad yn Menaam is konkrekte belangstelling. Dy soe komme fan de eigner fan Aeolus yn Seisbierrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)