Lieuwe Westra twadde yn België

Lieuwe Westra twadde yn België
Lieuwe_Westra is moandei twadde wurden yn de Belgyske klassiker Dwars door het Hageland. De hurdfytser fan Mûnein, de ôfrûne wike noch gripich, moast yn de lêste 20 kilometer alle kopwurk dwaan. Syn fluchtmakker Bert Scheirlinckx mocht dat net, omdat in pear fan syn ploechmaten yn de achterfolgjende groep sieten.
Yn de einsprint op de lêste klim fan de dei wie Scheirlinckx yn syn eigen lân de rapste.