Thialf slút goed jier ôf

24 mrt 2008 - 16:41

Mei in drokbesocht hynstespektakel is op Thialf it iisseizoen ôfsluten. Hûnderten minsken kamen moandei op it rinkjestekken en belslydjeien ôf. De direksje fan it stadion op It_Hearrenfean sjocht tefreden werom.

Nettsjinsteande krityk fan reedriders op it topsportklimaat en konkurrinsje fan nije iisbanen hat Thialf it bêste jier sûnt it fallissemint yn 2002 achter de rêch. De direksje ferwachtet in winst fan in heal miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)