Ynteresse kuierdei falt ôf

Foar ien dei meirinne is net folle belangstelling (foto Martin de Jong)
De belangstelling foar in dei meirinne yn de kuieralvestêdetocht falt oant no ta bot ôf. Goed 700 minsken hawwe har oant no ta opjûn, wylst de organisaasje rekkene hie op tusken de 1000 en 1500 minsken.
It is dit jier foar it earst dat minsken sels in dei útkieze kinne om mei te rinnen. Doel wie om minsken sa waarm te meitsjen om yn in oar jier de folsleine tocht mei te dwaan. Opjaan kin noch oant 15 april.