Ekstra kontrôle strân Skier

© Omrop Fryslân
It strân fan Skiermûntseach wurdt de kommende tiid ekstra yn de gaten hâlden. De ôfrûne dagen spielden op Skiermûntseach twa fetten oan, nei alle gedachten mei skjinmakmiddel foar skippen.
Omdat dat middel mooglik gefaarlik is, hat de brânwacht spesjale materialen ynset om de fetten fuort te heljen. De fetten binne nei in bunker op it eilân brocht en wurde letter ophelle om ferwurke te wurden.