Oerfallers oppakt yn Ljouwert

24 mrt 2008 - 13:06

In ynwenner fan Ljouwert hat de plysje sneintejûn holpen by it oplossen fan in oerfal op him. Twa manlju pakten de man yn de Saskiastrjitte syn sieraden ôf. De man folge dêrnei de dieders en joech har ferbliuwplak troch oan de plysje. Dy koe de manlju dêrnei oanhâlde.

It giet om in ynwenner fan Ljouwert en ien fan Wolvegea. De sieraden binne noch net weromfûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)