'Gjin fytsbrêge Oostergoplein'

© Omrop Fryslân
De VVD-fraksje fan Ljouwert komt mei in nij plan om it fileprobleem op it Oostergoplein oan de súdkant fan Ljouwert op te lossen. De gemeente wol oer it plein in fytsbrêge oanlizze. Dat is feiliger foar de fytsers en auto's hoege minder lang te wachtsjen.
De bewenners binne lykwols tsjin de komst fan de lange brêge. De VVD wol no in tredde baan oanlizze foar de auto's dy't it sintrum fan Ljouwert yn wolle as alternatyf.