Hûneshow lûkt soad dielnimmers

24 mrt 2008 - 10:26

Goed 2500 rashûnen binne Peaskemoandei keurd by de hûneshow yn it WTC-Expo yn Ljouwert. De show is it grutste hûne-evenemint fan West-Europa. De dielnimmers komme út fjirtjin lannen, wêrûnder Amearika. De organisaasje ferwachtet 15.000 besikers.

De hûneshow yn it WTC-Expo wurdt foar de 41e kear hâlden. De keurings duorje de hiele dei. Tsjin de jûn moatte de winners bekend wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)